"Polityk moat mear ynsette op besparring troch isolaasje"

15 mrt 2015 - 16:54

Enerzjybesparring troch isolaasje fan huzen en oare gebouwen krijt fierste min oandacht fan de polityk. Dat wie de ynset snein by in politike diskusje yn it Abe Lenstrastadion ûnder lieding fan Dick Tommel.

Tommel is âld-steatssekretaris en foarsitter fan Stichting 'Spaar het klimaat' dy't ynset op besparring troch isolaasje. Dêrtroch kin de enerzjyrekken mei mear as 60% fermindere wurde. De polityk moat dêr fol op ynsette, fynt er.

Deputearre Johannes Kramer sjocht ek dat de polityk te min oandacht hat foar isolaasje. In liening om minsken dêrta oan te setten fynt er in goed plan.

Trefwurden: 
enerzjy isolaasje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)