SC Hearrenfean kin net stunte tsjin Ajax

15 mrt 2015 - 16:24

Sportklup Hearrenfean tocht dat der snein wat te heljen wie tsjin Ajax, omdat de Amsterdammers tongersdei noch in drege wedstriid yn de Oekraïne spile hiene. Hoe oars wie de werklikheid, Ajax wûn mei 4-1. Yn it Abe Lenstra stadion soargen Arek Milik yn de 6e minút en Davy Klaassen yn de 11e minút foar in dreamstart fan Ajax. Joël Veltman brocht yn de 35e minút mei in eigen doelpunt de spanning werom, mar fuort dêrnei kopte dyselde Veltman de tredde Ajax-goal tsjin de touwen. Milik soarge yn de 67e minút foar de beslissing.

Pele van Anholt krige noch in reade kaart omdat er de trochbrutsen Anwar El Ghazi dellei.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)