Sjinkie Knegt wrâldkampioen shorttrack

Sjinkie Knegt hat mei in machtige sprint de ôfslutende 3000 meter op it WK shorttrack yn Moskou wûn en dêrmei is de 25-jierrige Bantegeaster wrâldkampioen. De Koreaan Park Se Yeong waard twadde en hie krekt as Sjinkie Knegt 63 punten. Omdat Knegt de superfinale wûn mei er him no in jier lang de bêste shorttracker fan de wrâld neame. Nei de diskwalifikaasje fan Knegt op de 1000 meter like de wrâldtitel fier fuort, mar Knegt bleau kalm en makke yn de lêste meter mei syn 'teleskoopskonk' dien wurk.
Earder dit jier waard Sjinkie Knegt yn Dordrecht al Europeesk kampioen.