Fryske band nei finale lanlike Metal Battle

Heartgrown © Heartgrown
De Fryske metalband Heartgrown hat sneontejûn in plak ferovere yn de lanlike finale fan de Metal Battle 2015. De band naam it yn de heale finale op tsjin metalbands út Grinslân, Drinte en Oerissel. Heartgrown fertsjinwurdiget no de noardlike provinsjes op 25 april yn de finale yn Hurderwyk.
Heartgrown bestiet út fjouwer jonge muzikanten fan de popakademy yn Ljouwert. Yn de finale moatte se it opnimme tsjin metalbands út it easten en westen fan Nederlân. De winner mei op ferskate ferneamde metalfestivals spylje.