Ljouwerter oanhâlden foar stellerij oanhinger

15 mrt 2015 - 12:35

In 37-jierrige Ljouwerter is sneon oanholden foar stellerij. De man waard trappearre doe't er yn Froubuorren in oanhinger stellen hie. In man seach dat en gie der yn 'e auto achteroan.

Yntusken warskôge er de plysje. Yn de wyk Westeinde yn Ljouwert sette de fertochte syn auto oan de kant, wêrnei't de plysje him oanhâlde koe. De man sit fêst foar fierder ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)