Auto oer de kop op A7 by Terwispel

15 mrt 2015 - 10:14

Op de A7 by Terwispel is sneintemoarn in auto oer de kop flein. De bestjoerster koe sels út de auto weikomme. Se is foar ûndersyk oerbrocht nei it sikehûs.

It ûngelok barde op de rydbaan yn de rjochting fan It Hearrenfean nei Drachten. Wat de oarsaak fan it ûngelok west hat is noch ûnbekend.

Trefwurden: 
ûngelok A7 auto oer de kop
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)