Plysje ûndersiket dea frou Kollumersweach

plysje © ANP
De plysje ûndersiket de deadsoarsaak fan in 67-jierrige ynwenster fan Kollumersweach. De frou waard sneontejûn fûn yn in wenning oan de Spoarbuorren-Súd yn har wenplak. It is net dúdlik wat der krekt bard is.
De frou is út it hûs weihelle. De plysje ûndersiket it lichem om fêst te stellen wêr't de frou oan ferstoarn is. Neffens de plysje binne der gjin oanwizings foar in misdriuw.