Ferkearsrûzje yn Arum

© ANP XTRA
De plysje hat sneontemiddei in 24-jierrige automobilist út Harns oanholden nei in ferkearsrûzje. De man hie in 52-jierrige ynwenner fan Makkum slim bedrige. Op de Sytzmawei yn Arum kamen beide bestjoerders hast mei-elkoar yn botsing, nei alle gedachten nei in foarrangsflater. De bestjoerder út Makkum ried troch, mar hy waard eefkes letter klemriden troch de Harnzer.
De manlju krigen spul mei elkoar en de Harnzer bedrige de man út Makkum. Dy warskôge de plysje. De fertochte is oanhâlden en sit fêst foar fierder ûndersyk.