Kuorballers LDODK ferlieze rom fan KZ

14 mrt 2015 - 23:15

LDODK hat sneontejûn de foarlêste wedstriid yn Koog aan de Zaan mei 31-21 ferlern fan KZ. By it skoft stie der 16-12 op it skoareboerd. Dat ferskil waard yn de twadde helte gâns grutter. BY LDODK wiene André Zwart en Menno Russchen beide goed foar sân doelpunten. BY KZ wie Fries om utens André Kuipers goed foar acht goals. Takom sneon spilet LDODK thús tsjin it al degradearre KVS. In lyk spul is genôch om op eigen krêft yn de kuorbal league te bliuwen.

Trefwurden: 
kuorbal LDODK
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)