Aris ferliest foar sechsde kear op rige

14 mrt 2015 - 22:47

De basketballers fan Aris hawwe foar de sechsde kear op rige ferlern. Yn Limboarch wie Weert mei 86-75 te sterk foar de Ljouwerters. Nei it earste kwart stie der in lytse efterstân op it skoareboerd: 23-20. Weert koe rjochting it skoft de skoare útwreidzje, wêrtroch de stân nei it twadde kwart 47-38 wie. De ploech fan Tom Simpson kaam dernei wer yn 'e buert fan Weert, mar it wie net genôch. Uteinlik bleaune de punten yn it suden fan it lân. Op it stuit stiet Aris sechsde mei fjouwer punten foarsprong op nûmer sân Weert.

Aris hat noch seis wedstriden om dielnimming oan 'e play-offs feilich te stellen. Derfoar moatte de Ljouwerters by de earste seis einigje.

Trefwurden: 
Aris basketbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)