SC Cambuur is FC Utrecht wer de baas: 3-1

14 mrt 2015 - 22:32

SC Cambuur hat sneontejûn de thúswedstriid tsjin FC Utrecht mei 3-1 wûn. It wie in fertsjinne winst foar de Ljouwerters dy't in aardige earste helte spilen. Erik Bakker skeat yn de 18e minút in strafskop tsjin de touwen. Dy penalty kaam nei in oertreding fan Chris Kum op Daniël de Ridder.

Nei slop ferdigenjen fan Vytas makke Edouard Duplan yn de 26e minút de lykmakker. Fuort dêrnei soarge Sander van de Streek foar de moaie 2-1 en dêrnei krige Cambuur noch in pear bêste kânsen. De tredde goal fan Mikhail Rosheuvel foel fier yn blessueretiid.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)