Drachtster Boys te sterk foar Staphorst

14 mrt 2015 - 16:52

Drachtster Boys wie sneon mei 3-1 te sterk foar Staphorst. Yn Staphorst kaam Drachtster Boys foar rêst op in 1-0 foarsprong troch in treffer fan Willem de Jong yn de 39e minút. Yn de twadde helte kaam Staphorst op gelikense hichte. Yn de jacht op de foarsprong foar de ploech fan trainer Fred de Boer wie it Aziz Geyik dy't Drachtster Boys op 'e nij op foarsprong sette. De Jong fersulver rap dêrnei in strafskop en sette de 3-1 einstân op it boerd.

Troch de winst komt Drachtster Boys op 24 punten út 18 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)