AFA en PVV beide yn aksje yn sintrum Ljouwert

Yn it sintrum fan Ljouwert fierde de Antifasistyske Aksje AFA sneontemiddei kampanje tsjin de PVV. Mei muzyk en taspraken woene se omtinken freegje foar it groeiende rassisme en de rol dy't de PVV dêr neffens harren yn hat. Der wie in soad plysje by, want de PVV stie mei harren stand flakby.
De AFA kaam in pear wiken lyn yn it nijs doe't huzen fan PVV-kandidaten bekladde waarden. Sy wurde hjir op oansjoen, mar de organisaasje seit dat se der neat mei te krijen hat.
De plysje wie sneontemiddei ek manmachtich oanwêzich omdat in PVV keamerlid kampanje fierde mei de Fryske PVV'ers. Listlûker Max Aardema fan de PVV-Fryslân sei it net slim te finen dat de AFA aksje fiert.