Autorider lit pistoal sjen by rûzje en wurdt oanhâlden

Nei in achterfolging waard de fertochte oanhâlden yn Wommels © Jaring Rispens
In automobilist (29) út Ljouwert is freedtemiddei op 't Bosk yn Wommels oanholden, omdat hy earder by in ferkearsrûzje yn Ljouwert in pistoal sjen litten hawwe soe. De man krige yn de binnenstêd fan Ljouwert rûzje mei in frou (21) út Snits. Hy soe wat út de auto smiten ha dat tsjin it foarút fan de auto fan de frou kaam. De frou reagearre hjir op troch te toeterjen. Efkes fierderop soe de Ljouwerter de frou bedrige ha mei in pistoal.
Hjirop waard de plysje ynskeakele. Mar dy koe by de oanhâlding fan de Ljouwerter gjin pistoal fine.