Demonstraasje foar behâld fan gerjochtshôf

De PvdA-Fryslân en ek in soad SP'ers hawwe sneon by it gerjochtshôf in demonstraasje holden foar behâld fan it gerjochtshôf. Se fine it net akseptabel dat it gerjochtshôf him fierder werom lûke wol út Ljouwert. De grins is berikt, sizze de aksjefierders.
By de demonstraasje koe it manifest 'Leeuwarden Stad van Recht' tekene wurde. Dêryn wurdt easke dat rekken holden wurde moat mei de tasizzing fan it regear dat foar it noarden net tefolle ryksbanen ferlern gean en dat der sprieding wêze moat fan rjochtspraak yn de regio.