OSF en FNP wolle groeie yn de Earste Keamer

OSF-senator Kees de Lange yn de keamerbankjes © ANP
De provinsjale partijen dy't gearwurkje yn de Onafhankelijke Senaatsfractie OSF rekkenje op winst by de steateferkiezings fan nije wike. Wurdfierder Jabik van der Bij tidiget op in sit yn de Earste Keamer, mar hâldt rekken mei twa of mear. De ôfrûne jierren siet Kees de Lange yn de senaat út namme fan OSF en 50plus.
Der binne nije wike tolve by de OSF oansletten politike partijen dy't oan de steateferkiezings meidogge. Dat is mear as by eardere ferkiezings. Foar de FNP is Hindrik ten Hoeve út Stiens kandidaat-senator.
Hie wie earder ek al senator fan 2007 oant 2011.