Hûndert bunder heechfean ôfbrând by De Fochtel

Troch de grutte natuerbrân yn it Fochtelerfean is freed sa'n hûndert bunder heechfean ôfbrând. It fjoer ûntstie oan de noardkant fan it natuergebiet, by Feanhuzen. Der waarden tsien brânwachtauto's en in helikopter ynset. It gebiet wie min te berikken foar de brânwacht.
Neffens Wilfred Alblas fan Natuurmonumenten wiene der fjouwer brânhurden. Troch de hurde wyn waard it fjoer yn heech tempo ferspraat. De brân is nei alle gedachten oanstutsen, tinkt Natuurmonumenten.