Frou oanriden troch bestelauto yn Reduzum

14 mrt 2015 - 10:15

In 77-jierrige frou út Reduzum is freedtejûn earnstich ferwûne rekke by in ûngelok op de Ayttawei yn har wenplak. De frou waard oanriden troch in 49-jierrige doarpsgenoat, dy't mei syn bestelauto efterút in hiem ôfride woe. It slachtoffer rûn op dat momint nei it hûs fan har buorlju ta om dêr de krante te besoargjen.

De man yn de bestelauto hat de frou hielendal net sjoen. It slachtoffer is oerbrocht nei it sikehûs yn Ljouwert.

Trefwurden: 
ûngelok bestelauto Ayttawei
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)