De Buertsuper yn Aldskoat bliuwt dochs bestean

13 mrt 2015 - 22:41

De Buertsuper yn Aldskoat bliuwt behâlden. Neffens it stichtingsbestjoer fan de Buertsuper wie der gjin stipe mear fan de gemeente Hearrenfean en kaam it bestean fan de supermerk yn grut gefaar. Dat wylst de supermerk sûnt 2010 bestiet en alle dagen sa'n 140 oant 240 klanten hat.

Reden foar it bestjoer om it heft yn eigen hannen te nimmen om dizze foarsjenning te behâlden. Der binne in oantal partikulieren reewillich om in risikodragende liening te ferstrekken, wat betsjut dat De Buertsuper yn Aldskoat dochs bestean bliuwe kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)