Rasterhoffpark yn Snits krijt grienôfskerming fan ringwei

13 mrt 2015 - 20:44

Der komme 70 beammen en 1300 kante meter boskjes by yn de grienstrook by it Rasterhoffpark yn Snits. Guon wykbewenners ha dêr om frege. Sy wolle graach in griene ôfskerming ha fan de súdlike ringwei om Snits hinne.

De wyk leit stiif tsjin de grutte dyk oan. De beammen en boskjes wurde no woansdei plante, op Nasjonale Beamfeestdei. Wethâlder Stoker fan Súdwest-Fryslân docht dat, mei in groep learlingen fan trije skoallen út Snits.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)