SP wol foarearst stop op bou fan megastâlen

13 mrt 2015 - 20:21

Der moat in moratoarium komme op de bou fan megastâlen. Dat fynt de SP yn De Twadde Keamer. Neffens de partij komt de leefberens op it plattelân yn de knipe troch de megastâlen.

De maatregel moat ûnder oaren foarkomme dat der melkfeebedriuwen komme sûnder greiden, dêr't de kij dus allinne mar yn de stâl steane. Neffens de SP groeit it tal megastâlen it rapste yn Fryslân, Brabân en Gelderlân. Yn alle trije provinsjes steane der al mear as hûndert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)