Wetterskip jout 184 euro de ynwenner út

13 mrt 2015 - 14:51

Wetterskip Fryslân jout jierliks yn trochsneed 184 euro de ynwenner út. Dat blykt út sifers oer de ôfrûne trije jier. It jild wurdt benammen stutsen yn it skjin krijen fan it oerflaktewetter. Ek wurdt in soad útjûn oan dykbeskerming.

De provinsje Fryslân jout hiel wat mear út: 922 euro de ynwenner. Fryslân giet hjir oan kop: nûmer twa Seelân docht it mei 850 euro de ynwenner, goed 70 euro minder. Dat jild wurdt benammen stutsen yn de oanlis fan diken. It gemiddelde fan alle provinsjes is in stik leger: 370 euro de ynwenner.

It gemiddelde fan alle wetterskippen is net bekend. By de steateferkiezings fan nije wike woansdei kin tagelikertiid ek stimd wurde foar it nije wetterskipsbestjoer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)