Sam Larsson werom yn de basis tsjin Ajax

13 mrt 2015 - 14:20

Sam Larsson makket snein yn de thúswedstriid tsjin Ajax syn rentree nei fjouwer wiken blessuereleed. De fleugeloanfaller rekke yn de Fryske twastriid tsjin Cambuur blessearre oan syn hamstring. Larsson hat de ôfrûne wike mei de groep meitraind, " En dat zag er goed uit", sa sei SC Hearrenfean trainer Dwight Lodeweges. It meispyljen fan Simon Thern is ûnwis, hy hat ferline wike tsjin ADO Den Haach in blessuere oprûn oan syn ribben.

Doke Schmidt is net beskikber tsjin Ajax, hy hat in ankelblessuere.

Ek Lerin Duarte (hamstring) is net fan de partij. Op de fraach oan trainer Dwight Lodeweges oft hy yn it foar noch wat sizze sil tsjin Daley Sinkgraven sei de oefenmaster: "Ik wens hem in ieder geval geen succes!"

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)