SC Cambuur, mei Ogbeche yn de spits, wol revâns nimme

13 mrt 2015 - 14:00

SC Cambuur nimt it sneontejûn op tsjin FC Utrecht. It ferskil op 'e ranglist tusken beide ploegen is mar ien punt. Cambuur hat 33 punten, Utrecht 32. De Ljouwerters wolle yn it eigen stadion wat rjochtsette. It 6-1 ferlies fan it ôfrûne wykein by PEC Zwolle is hurd oankommen. Trainer Henk de Jong hat wol te krijen mei in protte blessearre spilers.

Sa binne Michel Hemmen, Martijn Barto, Calvin Mac-Intosch, Wout Droste, Damiano Schet, Donovan Slijngard en Sinan Bytyqi net ynsetber.

Opstelling SC Cambuur: Nienhuis, Pereira, Reijnen, Bijker, Vytas; Bakker, El Makrini, Van der Streek; Narsingh, Ogbeche, De Ridder.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)