Winkeldief út Emmeloard oppakt op It Hearrenfean

Oanhâlding © ANP
In 26-jierrige man út Emmeloard is tongersdeitemiddei oppakt foar winkeldiefstal oan de Dracht op It Hearrenfean. Hy hie him tegearre mei in oare man skuldich makke oan stellerij. In plysjeman dy't frij hie, betrape it duo en koe de 26-jierrige fuortendaliks oanhâlde. De oare man naaide út.
Yn de auto fan de Emmeloarder, dy't yn beslach naam waard, fûn de plysje noch folle mear stellen guod, wêrûnder in grut tal skearmessen.