Taksaasje mûzeskea sa goed as klear

13 mrt 2015 - 12:41

It Faunafûns is sa goed as klear mei de taksaasjes fan mûzeskea. De provinsje hie it fûns oant 15 maart de tiid jûn om de skea op te nimmen. Der binne minder as tûzen taksaasjes útfierd. De befinings fan de taksateurs wurde no yn gearwurking mei de provinsje op in rychje set.

Healwei de taksaasjeperioade wie al dúdlik dat de skea net tafoel. Nije wike sil de provinsje Fryslân de einresultaten bekend meitsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)