KNVB: SC Cambuur en SC Hearrenfean beide 'finansjeel sûn'

13 mrt 2015 - 12:04

Beide Fryske betelle fuotbalklups steane der finansjeel goed foar. Sterker noch: Cambuur en Hearrenfean binne beide yndield by de sûnste klups fan Nederlân. Fan de 35 klups binne der mar njoggen dy't it neffens de KNVB goed dogge. Oer de oare klups makket de KNVB him soargen. De KNVB fynt it in prestaasje dat Cambuur en Hearrenfean it sa goed dogge, want in pear jier lyn stiene de klups der in stik minder foar.

De Fryske klups binne yn Nederlân in geunstige útsûndering. Tolve profklups binne yndield yn kategory 1 fan klups mei jildpine.

De soargen oer de klups yn kategory ien binne grut. Fuotbalbûn KNVB kin yngripe en yn it slimste gefal de lisinsje ôfpakke. FC Twente krige sels al punten yn mindering.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)