Direkteur skoalle Ouwesyl komt net werom

13 mrt 2015 - 11:41

De direkteur fan de gearwurkingsskoalle Ouwesyl yn Aldebildtsyl komt net wer werom nei in konflikt mei âlders en in part fan it personiel. Ek de juf, dêr't de reboelje om begûn, bliuwt fuort. Dat is de útkomst fan petearen troch ynterim-direkteur Dietske Bouma mei bestjoer, skoalle en âlders. In tal learkrêften en âlders kaam yn opstân nei it fuortgean fan in juf.

De skoalle gong hjirtroch sels even ticht, omdat ferskate leararen harren tagelyk siik melden. Bouma bliuwt oan as ynterim-direkteur oant der in nije direkteur fûn is.

Mei de âlders wurdt geregeld oerlein en der komt in nije meisizzenskipsried. De learkrêften en meiwurkers fan de skoalle binne bot rekke troch de kwestje en krije eksterne begelieding.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)