Njoggen frachtweinsjauffeurs krije boete by Drachten
De plysje hat tongersdei njoggen frachtweinsjauffeurs by in kontrôle by Drachten in boete jûn. De kontroleurs hawwe bekeurings útdield foar te swiere fracht en loslizzende ladings. Ek krigen sjauffeurs warskôgings foar ûnder oare te lang achter inoar ride, in losse bout en it net hawwen fan in kentekenbewiis.
Mei-inoar binne 27 frachtweinen kontrolearre.