"Mearderheid Friezen is foar wynmûnen, mar net achter hûs"

13 mrt 2015 - 10:22

Goed 70% fan de Friezen is foar wynenerzjy mar as it te tichtby komt, groeit it ferset. Dat seit Hans van der Werf fan de Fryske miljeufederaasje yn reaksje op ûndersyk fan de NOS en Omrop Fryslân. Dêrút docht bliken dat yn sân provinsjes, wêrûnder Fryslân, gemeenten en provinsje rjocht foarinoar oer stean as it om wynenerzjy giet.

Benammen Hearrenfean wol gjin wynmûnen op syn gebiet. Neffens Van der Werf groeit it ferset benammen troch de oanpak fan de polityk. Dy komt mei in plan, yn stee fan earst te oerlizzen mei omwenjenden.

Ek soenen neffens Van der Werf grûneigeners en doarpen mear meiprofitearje moatte fan de wynmûnen yn de buert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)