Fytser klemriden en bestellen by Rinsumageast
Trije manlju op scooters hawwe tongersdeitejûn op de Tuskendammen yn Rinsumegeast in 16-jierrige fytser út De Westereen klemriden. It slachtoffer is oanslutend bestellen fan syn portemonnee. De dieders binne útnaaid yn de rjochting fan Aldtsjerk.
De plysje starte fuortendaliks in sykaksje, mar dy hat neat opsmiten.