IIshockey-finale UNIS Flyers jûn te sjen op Omroplive.nl

13 mrt 2015 - 09:01

Omrop Fryslân stjoert freedtejûn de tredde wedstriid yn de finale fan it Nederlânsk kampioenskip iishockey tusken UNIS Flyers fan It Hearrenfean en Tilburch streekrjocht út op ynternetstjoerder Omroplive.nl. It duel begjint om acht oere yn iisstadion Thialf op It Hearrenfean. De tuskenstân yn de ''best-of-seven' is 1-1. Tilburch wûn it earste duel op It Hearrenfean mei 1-2, UNIS Flyers naam dêrnei revâns yn Tilburch: 1-4 winst.

Wa't it earst fjouwer wedstriden wint, is de nije kampioen fan Nederlân.

Trefwurden: 
iishockey UNIS Flyers
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)