Op 'e nij fjoerwurkbom by plysjeburo op It Hearrenfean

Plysje Hearrenfean © Omrop Fryslân, Feike Wouda
Foar de tredde kear yn koarte tiid is der freedtemoarn even nei seis oere in fjoerwurkbom ôfstutsen by it plysjeburo op It Hearrenfean oan de Atalantastrjitte. Troch de eksploazje rekken in lampe en in doar fan it plysjeburo skansearre. De plysje docht op it stuit spoare-ûndersyk. Ek is in sykaksje nei de dieder geande. De plysje tinkt dat de dieder útnaaid is op de fyts.
Al twa kear earder waard der mei swier fjoerwurk taslein op it Feanster plysjeburo. De earste kear, begjin febrewaris, rekke dêrby in plysje-auto skansearre.