Shorttracker Daan Breeuwsma giet foar heale finaleplak op WK

Foar it earst yn jierren mei shorttracker Daan Breeuwsma ek op it yndividuele toernoai meidwaan oan it wrâldkampioenskip shorttrack. It toernoai wurdt dit jier hâlden yn Moskou op it iis fan de langebaan. Trochdat Niels Kerstholt ophâlden is, is Breeuwsma in plakje klommen en heart hy by de fêste trije Nederlanners. In wrâldtitel meie wy net ferwachtsje, sa seit Breeuwsma. Mar in heale finale en miskien mei in útsjitter in finaleplak is net ûnrealistysk. Op de ôflossing mei de ploech is goud, krekt as it ôfrûne seizoen, it doel.