"Der moat in noardlike trajektkaart komme"

© Omrop Fryslân - Willem de Boer
De ChristenUnie yn Fryslân, Grinslân en Drinte wolle ien noardlik OV-abonnemint om mei de bus of trein te reizgjen. No freed wurdt it idee hjirfoar offisjeel presintearre. Partijlieder Arie Slob is hjir ek by oanwêzich. It regio-abonnemint moat it mooglik meitsje om mei koarting of fergees te reizgjen op de noardlike trajekten. Op dit stuit binne der meardere ferfierders dy't it OV foar har rekken nimme yn it Noarden. Hjirtroch kinne koartingskaarten faak mar op in part fan in rûte brûkt wurde.