Jan Vlap nominearre foar Rinus Michels Award

Fuotbaltrainer Jan Vlap is nominearre foar de Rinus Michels Award. Dat is in priis dy't alle jierren útrikt wurdt oan de bêste amateurfuotbaltrainer. Vlap is op it stuit trainer by Harkemase Boys. Dêrmei is de Snitser noch folop yn de race om it kampioenskip yn de haadklasse. Ferline jier waard Vlap kampioen mei ASV Dronten.
Ut alle distrikten fan fuotbalbûn KNVB wurdt in kandidaat selektearre. Vlap moat de striid oangean mei ûnder oare Ron van der Gracht fan Hollandia, Ron Timmers fan Dongen en Erwin van Breugel fan Blauw Geel '38.