Ferwûne by bedriuwsûngelok yn Harns

De helpferlieners by Bijko yn Harns © Nick den Boer
By in jachtbedriuw Bijko Jachtservice oan de Keningswei yn Harns is tongersdei in persoan ferwûne rekke. De man is nei alle gedachten fan in boat fallen. Hoe slim oft er der krekt oan ta is, en wat de oarsaak fan de fal is, is noch net bekend.
Foar de helpferliening binne ûnder oare in ambulânse, in motorambulânse en in traumahelikopter ynset. It slachtoffer waard earst stabilisearre en oanslutend oerbrocht nei sikehûs MCL yn Ljouwert.