WK shorttrack: Meidwaan Ithzak de Laat noch ûnwis

12 mrt 2015 - 16:00

Hy is miskien wol de minst bekende Nederlânske dielnimmer oan it WK shorttrack, mar Ithzak de Laat is der dit wykein by yn Moskou. Alteast, hy is der by, mar oft hy ek ride kin, is noch mar de fraach. Op de yndividuele ôfstannen dogge trije Nederlânners mei: Sjinkie Kengt, Daan Breeuwsma en Freek van der Wart.

De Laat moat him as fjirde rjochtsje op de ôflossing mei de ploech. Nederlân is titelferdigener op dit WK. Mar De Laat hat konkurrinsje fan de oare Nederlanners en moat sadwaande ôfwachtsje.

Trefwurden: 
shorttrack WK Ithzak de Laat
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)