Farsnelheid by brêgen PM-kanaal fêststeld op 8 kilometer

12 mrt 2015 - 15:51

Binnenfeartskippen op it Prinses Margrietkanaal yn Fryslân meie tenei by brêgen net hurder as 8 kilometer farre. It giet om de brêgen by Koatstertille, Aldskou, Twellingea en Spannenburch. De beheining is ynsteld nei't der de lêste tiid geregeld ûngelokken wiene, wêrby't binnenfeartskippen tsjin brêgen botsten.

Der wie dêrom tydlik in maksimumsnelheid ynsteld fan 6 kilometer, mar dat fûnen de skippers te stadich. It beslút fan Rykswettersteat is nommen yn oerlis mei skippersferiening Schuttevaer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)