Dijksma ferwachtet gjin 'eksploazje fan kij'

12 mrt 2015 - 14:59

De melkfeesteapel yn Nederlân sil yn april net eksplosyf groeie. Dat skriuwt steatssekretaris Sharon Dijksma fan lânbou oan de Twadde Keamer. Se reagearret op de SP en de Partij van de Dieren, dy't benaud binne dat der takom moanne in 'eksploazje fan kij' komt as it molkkwotum ôfskaft wurdt. Neffens Dijksma kinne melkfeehâlders har feesteapel net ûnbeheind grutter meitsje.

Der moat neffens Dijksma altyd genôch greide wêze, bygelyks foar de ferwurking fan dong. De steatssekretaris komt letter dit jier mei oanfoljend belied.

It giet om in aparte maatregel mei betingsten, dy't in ûnbeheinde groei fan de feesteapel foarkomme moat. De opposysje fynt lykwols dat de steatssekretaris te lang wachtet mei de maatregel.

Trefwurden: 
kij fee Dijksma
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)