Strjitrôver wurdt 90 dagen langer fêsthâlden

Finzenis © Omrop Fryslân
De 44-jierrige Ljouwerter dy't op 27 febrewaris oanhâlden waard as fertochte fan in searje strjitrôven yn de stêd, bliuwt 90 dagen langer fêstsitten. Dat hat de rjochter tongersdei bepaald. De plysje kaam de man op it spoar nei ûndersyk. De ôfrûne tiid wiene der koart efterinoar mear as 20 strjitrôven yn Ljouwert. In soad slachtoffers fan dy strjitrôven wiene minderjierrich.
De bút bestie meastentiids út jild en mobile telefoans.