Twa ynwenners Ljouwert oppakt foar yngoaien fan rút

12 mrt 2015 - 14:26

De plysje hat tongersdeitemoarn twa ynwenners fan Ljouwert oppakt fanwege in fernieling. Tsjûgen seagen dat de twa 24-jierrige manlju in rút ynsmieten fan in hûs oan de Gerbrandywei. Se dienen dat mei it doel om yn te brekken. De twa naaiden út, mar koene oanhâlden wurde omdat de tsjûgen in goed sinjalemint wisten. De plysje moast foar de oanhâlding wol de achterfolging ynsette.

De Ljouwerters binne fêstset op it plysjeburo foar fierder ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)