Timmermannen geane der 4 persint op foarút yn nije CAO

Timmerman oan it wurk op de bou © ANP
Timmermannen geane der de kommende jierren yn stappen sa'n 4 prosint op foarút. Dat stiet yn de nije CAO dêr't fakbûnen en wurkjouwers in akkoart oer sletten hawwe. De CAO jildt foar sa'n 7700 meiwurkers en sil 2,5 jier duorje.
Neist de leansferheging binne der ôfspraken makke oer de mooglikheden foar opliedings. Ek komme der fyftich banen foar Wajongers.