Tsjûkemarmoard yn juny foar de rjochter

12 mrt 2015 - 14:05

De rjochtbank yn Ljouwert sil de Tsjûkemarmoardsaak yn juny behannelje. Justysje wol de trije fertochten dan foar de rjochter bringe. Dat die tongersdei bliken by in pro-forma behanneling fan de saak. Yn de simmer fan 2013 waard it ferbaarnde lichem fan de 35-jierrige Omar Kourrich by de Tsjûkemar fûn.

Der waarden fjouwer fertochten oanhâlden en fêstset. Ien fan de fertochten kaam ferline jier yn syn sel om it libben.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)