Banebeurs foar boufakkers op It Hearrenfean

12 mrt 2015 - 14:01

Wurksykende boufakkers kinne tongersdeitemiddei terjochte by in grutte beurs op It Hearrenfean. It UWV organisearret it evenemint en ferwachtet hûnderten wurksykjenden. Op de beurs binne tusken de fyftich en hûndert banen beskikber.

Ek bûten Fryslân is in soad belangstelling foar Fryske boufakkers, seit wurdfierder Joy Kisoenpesad fan it UWV.

Trefwurden: 
UWV boufakker banebeurs
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)