Keamerfragen Jacobi oer baneferlies by gerjochtshôf

12 mrt 2015 - 10:40

PvdA-Twadde Keamerlid Lutz Jacobi hat fragen steld oer it driigjende baneferlies by it Ljouwerter gerjochtshôf. Jacobi wol wite oft it wier is dat der 54 banen ferlern geane troch de reorganisaasje by it gerjochtshôf. Earder waard sein dat de fúzje tusken it hôf yn Ljouwert en dat yn Arnhim gjin gefolgen hawwe soe foar Ljouwert. Neffens Jacobi binne der gjin goeie arguminten foar de reorganisaasje.

Se wol dêrom fan de minister fan feiligens en justysje witte wat dy der oan dwaan sil om de plannen foar te kommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)