Fryske shorttrackers yn Moskou foar wrâldkampioenskip

11 mrt 2015 - 22:24

Rianne de Vries fan Haskerdiken is de iennichste Fryske frou dy't fan freed ôf yn de Russyske haadstêd Moskou meidocht oan it wrâldkampioenskip shorttrack. Se makket har debút as yndividueel rydster.

By de manlju is der mei Sjinkie Knegt fan Bantegea, Daan Breeuwsma fan Haskerdiken en Itzhak de Laat út Ljouwert mear Fryske flecht op de koai. Freed binne de foarrondes, sneon en snein de finales.

Ferslachjouwer Roelof de Vries is yn Moskou om foar Omrop Fryslân ferslach te dwaan fan it WK.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)