Omrop TIP: Jûnpraters mei Jannewietske de Vries fan de PvdA

Jannewietske de Vries moast oerhelle wurde om listlûker te wurden. "Ik ha my oerhelje litten om listlûker te wurden", dat sei Jannewietske de Vries woansdei yn it programma Jûnpraters fan Omrop Fryslân. Nei acht jier provinsjale polityk tocht se oan wat oars ta te wêzen.
Troch druk út de eigen partij, hat se úteinlik besletten dochs mei te dwaan yn de race om it listlûkerskip van de PvdA. "Mar doe't it safier wie, gie ik der fansels fol foar", heakke se der oan ta. De Vries is opgroeid yn Grou, in doarp dêr't se noch altyd grutsk op is.
As bern siet se yn de de klasse by har heit Bareld dy''t dêr skoalmaster wie, mar dy't har ek it entûsjasme meijoech foar polityk en kultuer.
Fierder fertelt se dat har heit, foar wa't se ek mantelsoarger is, no as foardoardieler by har ynwennet. Dat se gjin ambysjes foar de Haachske polityk hat, en ek in kâns om foar de PvdA as Europarlementariër foarby gean litten hat.
Se is grutsk op de resultaten fan dit kolleezje, benammen it hege ynvestearringsnivo, de universitêre opliedings en -fansels!- de titel Europeeske Kulturele Haadstêd 2018.
Jûnpraters is in programma yn it ramt fan de Provinsjale Steateferkiezings dat presintearre wurdt troch René Koster. Jûnpraters is alle wurkdagen fan 2 maart oant en mei 17 maart 2015 te hearren tusken 19.00 en 20.00 oere. Op omroplive.nl kinne jo ek yn de studio meisjen. Alle programma's binne werom te sjen op www.omropfryslan.nl.