Bedriuw Twellingea knapt âlde treinstellen út Switserlân op

11 mrt 2015 - 21:38

Striel -en koatingsbedriuw Hooghiemstra út Twellingea sil de kommende wiken fjouwer bysûndere treinstellen striele en spuitsje. De wagons hawwe de lêste jierren yn Utert stien, mar binne oarspronklik fan de Switserske spoarwegen.

De treinstellen komme út it jier 1968, wage 40 ton en binne 26 meter lang. De Nederlânske eigener woe der earst wintersportreizen mei organisearje, mar krige dêr gjin fergunning foar. No sille de wagons ynset wurde as 'hotel' by stasjon Sloterdijk yn Amsterdam.

Hooghiemstra út Twellingea krijt it wurk, omdat it earder ek alris in wagon strield en spuite hat. Eigener Marnix Kuindersma ferwachtet dat it wurk fiif oant seis wiken duorje sil. Der wurkje fjouwer man oan it projekt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)