Reisbureau Internoord wint Fryske reisretailpriis

11 mrt 2015 - 19:23

Reisbureau Internoord út Ljouwert is útroppen ta provinsjaal winner fan de ferkiezing Reisretailbedriuw fan it jier 2015. De ferkiezing is in inisjatyf fan fakblêd TravMagazine en hat as doel om in bydrage te leverjen oan de kwaliteitsferbettering yn de brânzje.

Op 13 april wurdt yn Hoofddorp bekendmakke oft Reisbureau Internoord ek lanlik it bêste reisretailbedriuw fan 2015 wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)